oktober 30, 2017
It minskdom is oan regels bûn,
lit oars syn ego jilde,
dus kanalisearje ’t farrensfolk
fan moarns betiid oant yn de jûn,
it binne buorden dy’t drok drille.
Se steane heech en ha in foarm
dy’t oars is as foar tsjillen,
mei in teken spylje se foar tolk;
de skipper hat in eigen noarm,
syn eachopslach glydt oer de fjilden.
De frije fûgels sykje om
de romte sûnder regel
by ’t lemieren of in jûntiidswolk,
kanalisearje is mar stom,
de mar is hjoed foar har de spegel.
oktober 23, 2017
It eaget heger as gewoanwei,
hat by de treppen op it paad wol fûn
om yn it koartsjen fan de dagen
út te strieljen: oan de grûn bin ik net bûn.
De reden is it feeëbankje,
dat útgiet fan it wêzen fan it bern,
it antwurd op syn djippe fragen:
wat, wannear en hoe’t it samar heger kin.
It kin troch alle hege toanen,
sa’t de fioele stadichoan earst klimt,
lykas it hjerstmis letter daget,
yn de jûntiid earder op ’e bas ôfstimt.
De feeëbank en de fioele
bespylje djip it wêzen fan it bern,
dy trije yn in symbioaze,
mear as mearke, heger as it rikke kin.