februari 28, 2018
Al jierren sit er op it dek,
sjocht út oer ’t wetter, hjoed it iis
en hat sa út en troch in praatsje
mei de miuw wat hegerop,
se binne elkoars maatsje.
De skipper leit no noch foar dea
yn wintersliep en slim fertiisd
yn dreamen oer klimaatferoaring:
gjin begrutsjen mei foarop,
want útsicht jout bekoaring.
De tsjalk jout útsicht op ’e tiid
dat iis it foar it sizzen hie,
in iistiid fan ferskate iuwen:
yn gjin fjilden sturt of kop,
mar wol in loft fol miuwen?
Lit komme wat mar komme wol,
neat wurdt wer wat al earder wie,
feroaring soarget foar bekoaring.
februari 26, 2018
It hinget tusken nacht en moarntiid,
swart en keal, it hat gjin doel
om no al bûtendoar te roppen
dat it hjoed grif heve sil,
in skyltsje mar leit op ’e poel.
De fallen beam stekt út de earmen
as yn wanhoop boppe ’t iis;
men wit de seine komt fan boppen,
mar as ’t moarn al heve sil?
De moarntiid streket no noch griis.
Ynienen sjit de sinne strielen
nei de beammen op ’e wâl,
dy’t gloeiend wize út ’e toppen
wei nei ’t iis, in sterke wil
glydt oer de skyl, neat is te mâl.