Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Kreative kjeld

Lyrysk Deiboek

’t Soe barste of oars bûge
troch it spul fan wyn en kjeld,
gjinien kin krêften keare
as de froast him meldt.

De kym rint yn in bôge;
krimpt de ierde fan de kjeld,
dan kin it minsdom beare:
’t is perfoarst slim steld…

… mei maart yn strange winter,
no feroaret it klimaat,
gjinien kin krêften keare,
’t leit yn ’t izich aard.

Mar as de mar meispilet,
reiden bûge linich troch,
kreëarret kjeld syn spearen,
beart de winter: sjoch!

admin

Duvelske winter

Lyrysk Deiboek

De wettertoer en -poarte
steane stiif fan strange kjeld,
dat wetter lit him net mear sjen…
as hat de duvel dermei boarte.

Lit duvels dermei boartsje,
tweintich as ’t in bytsje kin,
sa’n leger lege graden telt,
sy sille ’t wetterpeil ynkoartsje.

Wa kin de djipte peile
fan de miuwen op it iis,
’t gefoel fan rûnom op te stean,
de kjeld lûkt troch de kromme neilen.

Kom duvels, noch in hoartsje,
dan lûkt krom de dikke tean
troch ’t riden, elkenien de priis,
want wille hoecht men net te partsjen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum