Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Ferskil yn skip

Lyrysk Deiboek

Se leine op itselde plak,
de Snitser bûlevaar,
de langte lykwols wie wol oars,
ek foar it each wie der ferskil,
mar beide joegen ûnderdak.

De ‘Krukel’ eage lang en breed,
rûn hurd en gjin gefaar
troch stielen romp en hege noas;
as seeslak makke hy ’t ferskil
mei ’t skipke ûnder ’t blauwe kleed.

Yn knûkels lei it blauwe kleed deroer,
foar rinners like ’t raar:
in bûlevaar joech oan wat oars
as wat se seagen troch har bril
fan kapitein oan ’t rûne roer.

Mar ûnder seil lei droech en djip
de reder fan it skip.

admin

Noas foar wanten

Lyrysk Deiboek

It hat neat om hakken
sa te hingjen yn de moarn,
dan ek noch boppe wetter,
wat it measte net betsjut,
se moatte oan!

Hy hat neat om hannen,
is al jierren mei pensjoen,
wat fielt al folle better
as hy sicht hat op ’e sturt
fan Bas de hûn.

Bas hat lange poaten,
dan ek noch in skerpe noas
en wit altyd fan wanten
dy’t rûke nei wa’t roppen wurdt:
syn maat, wa oars?

Hy hat skerpe tosken,
fêste grip op wat se ha,
de poaten stevich plante,
wat alles foar in hûn betsjut…
syn maat, no sa!

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum