Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

De bear wurde

Lyrysk Deiboek

In hechter bân is net te krijen,
beide mei de eagen ticht,
de poaten om de halzen hinne,
dreame oer in rommer sicht
as twa, dus trije.

Want trije is om út te kiezen
nei de moade hjoed de dei,
sa litte wy de hazzen rinne,
rap dy iene achternei,
gjin stap ferlieze.

Dy iene hat it meast te bieden,
is fan alle merken thús,
gjinien kin om har oandiel hinne,
mar wat oerbliuwt, is it plús
fan slim mislieden.

It kin foar elk dan sa beteare
dan men krijt en wurdt de bear,
gjin poat slacht om de nekke hinne,
dreame docht men ek net mear,
it kin ferkeare.

admin

Op ‘e knibbels falle

Lyrysk Deiboek

Lit ús op ’e knibbels falle,
al is it op ’e skerpe stien,
de iuwen troch ta brokken slein,
de ierde is al lang net ien
mear, ’t minskdom rûch ferballe.

Lit ús yn it neaken sitte,
al is it om ús hinne kâld
en falt de wike troch de rein,
fermongen mei Gomorra’s sâlt,
fan Sodom kin elk witte.

Lit ús dochs de ierde hâlde,
al is dy wurden ta symboal
fan wat er west hat yn ’t begjin
mei bleate Adam as idoal
en Eva noch de âlde.

Bou de brokken ta in tegel
mei ’t paradys as libben byld,
dêrûnder ek in earste sin:
De drippen sulver binne myld…
de ierde wurdt ta spegel.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum