mei 14, 2018
De klaai waard oanfierd oer it wetter,
mar dy tiid is hjoed net mear te keap…
wa soe dêr noch oer kleie?
De jierren fleane nei ien heap
om op produkten del te saaien.
Se kamen op it dak telâne:
pannen, mar ek dowen nei de flecht
rjochtút en dan wer bôgje…
wat is nep en wat is echt?
Se binne kommen om te skôgjen.
De steat fan ’t pannedak kin better.
Sjoch de skoarstien, justjes út it lead.
Dus as ’t begjint te waaien…
… nimmen dy’t de skoarstien keart.
Kontrôle is wat oars as kleie.
Wy sjogge út op ’e produksje.
Hjoed de dei is dy kompjûterstjoerd.
Gjin klaai om oan te tôgjen.
Gjin do dy’t no dêr noch nei koert.
Men kin op ’t digitale bôgje.
mei 9, 2018
De poartebôge ropt it wolkom ta,
earst oan de bouwers op ’t ponton,
dy’t al betiid presinsje jouwe,
no al stimmen by de fleet.
Sy stimme ’t bouwen op ’e lûden ôf
dy’t klinke sille foar de rom
fan har dy’t presintaasjes jouwe,
dagenlang en pontonbreed.
Dat wrâldwiid wei de stim fan jong talint
klinkt daverjend op ’t Snitser wiet
en lit it Fryske bloed fluch streame,
read foar eagen, mar gjin need.
De need fan hiel de wrâld wurdt samar wei
as ’t jongfolk yn beweging komt,
sadat de Kolk begjint te streamen,
rûnom… at the Watergate.