Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Gjin hâlden oan

Lyrysk Deiboek

Hoe lang kin men it rjochtop hâlde?
Faaks wol hûndert jier,
teminsten as de rêch it rêdt
om net te bûgen foar de âlde
dei, it libben sêd.

Mar beart de stoarm troch lette blêden,
hâldt de stam yn ’t spier,
dan kreaket hiel it bonkerak
en is it libben net te rêden,
klinkt ferskuorrend… krak.

Hoe lang sil ’t leuninghout it hâlde?
Wurdt de ferve skier,
dan is ’t in spul fan waar en wyn,
’t giet djipper as mar licht ferkâlden,
’t hâldt fernijing yn.

admin

Majesteitlik

Lyrysk Deiboek

De sinne kroep krekt út ’e dize
wei, besocht it wetter kleur te jaan
en ’t fearrekleed te drûgjen,
it wie mei moarnsmist min te dwaan.

Ik rûn derlâns en seach him sitten,
majesteitlik op syn wettertroan,
bekend, ek frjemd fan bûgjen,
hy seach my net, mar ek net oan.

Hy hat grif fan dy bank dêr witten,
seach dy fêst net sitten wêr’t er stie,
hy stie der sels fier boppe,
sloech yn de wyn de minskerie.

Mar ik bin nei de bank ta setten,
joech my del om nei de foarst te sjen,
de troan wie leech… ik roppe…
myn lûd gie yn de wyn ferlern.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum