maart 5, 2018
Foar it weagjend wetter
stiet er yn de iere moarn
te drinken foar de flecht…
wat hat er ommers oan
it pakje, nep, net echt.
Ut it hege noarden
fleach er foar de fûle kjeld
út, nei it suden ta;
dêr stiet er no fersteld,
wol hjir gjin winter ha.
Hy giet troch foar mantsje
fan it fjild*, no hurde grûn,
fleach dêrom nei de stêd,
dêr’t hy it wynwek fûn
en him foarearst wol rêdt.
Nee, gjin wettermantsje,
’t giet werom nei ’t noarderfjild,
dêr makket er syn nêst,
om’t noch it motto jildt:
wês foar it kroas honkfêst.
Fjildmantsje = kramsvogel
maart 4, 2018
’t Soe barste of oars bûge
troch it spul fan wyn en kjeld,
gjinien kin krêften keare
as de froast him meldt.
De kym rint yn in bôge;
krimpt de ierde fan de kjeld,
dan kin it minsdom beare:
’t is perfoarst slim steld…
… mei maart yn strange winter,
no feroaret it klimaat,
gjinien kin krêften keare,
’t leit yn ’t izich aard.
Mar as de mar meispilet,
reiden bûge linich troch,
kreëarret kjeld syn spearen,
beart de winter: sjoch!