maart 19, 2018
Hy wie in man fan ’t Fryske hynder,
dêr’t hy himsels yn seach:
de holle heech, yn ’t rinnen pronkje,
dat lei no ienkear yn syn aard,
mar nea hie hy in klep foar ’t each.
In man wie hy, tûk yn de hannel,
gie om mei man of frou,
wa wit hoe’t hy him hold as jonkje,
dat socht ferlegen nei it paad,
útrinnend op ’e pronk as pau.
Hy rûn net hurd, wie yn de wannel
de man fan styl en wurd,
dat faakris blonk oan beide kanten,
dêrfoar wie hy ek numismaat,
in dûbel libben: geast en guod.
Dêr sit er dan, djip yn de mimer
bewuolle, sa’t er wie,
net langer tinkend oan syn klanten,
mar ynkeard, want hy wist fan ’t paad
dat hy mar koart te rinnen hie.
maart 12, 2018
It is sawat safier:
derboppe hy en sy derûnder,
foar it neiteam docht men soks,
de wrâld kin dêr net sûnder.
’t Kin ek net sûnder sier,
dus earst de snaffel yn de fearren
om te striken kleare gel,
it wurdt perfoarst wurdearre.
Sy fynt gjinien in klier,
lit wyt by alle tinten passe,
jout har ûnder fjouwer del
om letter ’t aai te lossen.
Hjoed falt it har net swier,
hat sin om op ’e wâl te iten
yn it selskip fan it stel
dat slij is nei dat wite.