juli 2, 2018
Unnedich al dy buorden
op de iere sneintemoarn
as ’t deistich folk him nochris omdraait,
der komt gjin harsens oan.
Men hoecht ek net te tinken,
dreamen rize samar op
en draaie as op de rotonde,
gjin minske ropt fan stop.
De draaier krijt gjin winken
as de sinne strieljend riist,
begjint foarfêst oan syn rotonde…
ha buorden ’t paad wol wiisd?
Sjoch, dreamers ûnder fodden,
’t universum groetet read
en sil in ivichheid noch draaie,
jim ha in dream fan neat.
juni 25, 2018
Under ’t rinnen hie ’k him heard,
in rop dy’t skriemend oerkaam,
mar sjen koe ik him net,
syn lûd skeat út it lange gers,
sels bleau er op it mêd…
fan fûgellûden by de les.
Jong hie hy it roppen leard,
want letter die ’t fertuten
as hollen op ’e dyk
de hichte sochten om te sjen
nei ’t lange gers, wat neat
te krijen hie mei wylpebern.
Stilsteand waard ik him gewaar,
de kromme snaffel iepen,
in needrop oan syn frou,
dy’t op tsien meter fan him stie,
ferstive troch ’t gefaar
dat ik foar ’t spantsje wylpen wie.