juli 16, 2018
De hoanne kraaide al betiid,
hoewol’t de klokken lang al swijden,
omdat fierwei ’t measte folk
de romte foar de preekstoel mijde.
’t Wie sûnde foar it hege dak
dat net mear foar de minsken tsjinne,
dêrom wennet der no folk
mei wijde romte om har hinne.
De himel seach genedich del,
mar wolken flokten rûch mei wetter,
dat it dak net keare koe,
de duvel spile doe foar ketter…
… dy’t skieding bringt yn dizze tiid,
dus kraaide lûd de âlde hoanne,
dy’t gjin lijen hawwe woe,
want elk drinkt út deselde boarne.
Doe tilde heech de sterke earm
twa ingels boppe tûzen pannen,
dy’t bestrieden satans skea
op heech nivo mei wijde hannen.
juli 9, 2018
It wie net mear te hâlden,
op ’en doer bleau hy net stean
yn waar en wyn, lit stean in stoarm,
dy’t bearde troch de folle krún,
it wie ek al in âlde.
Hy hie in plak oan ’t wetter,
mei syn woartels hold er fêst
oan ’t âlde, djipte wie de noarm,
hy hold net fan in sljochte tún,
syn eigen plak wie better.
Hoewol’t de stoarm him brutsen
hie, woe hy noch lang net dea,
hold fol, allinnich foar de foarm,
hy kriich fan ’t waar in lêste trún,
de ein hat him rap lutsen.
Hy koe it net mear hysje,
frege om in iere dea,
wat seagjend honorearre waard;
in stamdiel stiet as monumint,
wa wit wurdt soks tradysje.