Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Ljochtmoanne

Lyrysk Deiboek

Ik ha dy freed net nommen
yn de jûn fan ’t brutsen read,
hie ’t earst net yn de gaten
datst boppe ’t grûnflak wiest,
do woest my grif ûntkomme.

Ik tocht datst dy ferskûle
hiest fan skamte, wiest wat read,
as Mars, dyn oare maten,
Saturnus, Jupiter,
besochten ’t mei de mûle.

De harmony fan sfearen
wurdt dat neamd, mar do seist neat,
hoe’t ik ek tsjin dy prate,
do sweist as fiere stjer,
ik koe ’t mar min ferneare.

Mar sneon, yn folle gloarje
wiest der wer, noch justjes read;
ik koe dy nimme, sprate
yn ’t kleare ljocht de earms,
wy dielden de fiktoarje.

admin

Duvelske frustraasje

Lyrysk Deiboek

Se sjogge my as swarte duvel,
dy’t skerp krassend oer de strjitte fljocht
en alles fan it asfalt pikt:
de ynhâld fan in plastic pûde,
’t lykfleis fan in rôt of ein,
watfoar ôffal is my sljocht,
al is it ek bedoarne suvel.

Fan ûnderop flean ik nei boppen,
rap as duvels út ’e doaze wei,
want doazen sit ek faak wat yn,
fan pûde wjukje ’k nei de fleugel,
withoefaak bin ik sa flein,
boppe-yn fyn ik myn draai
om konkurrinten te beroppen.

Wol deale, lit er him wer hearre,
troch syn rop ha wy de duvel yn
as ierdske ingels yn swart-wyt,
dy’t boppedat noch swimme kinne,
himelsk heil is ús foarsein;
boppe draaie op ’e wyn
wurdt troch de duvel slim frustrearre.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum