augustus 20, 2018
It hat te krijen mei de line
fan de tiid, dy hâldt gjin skoft,
mar streamt mei faasje troch:
kom mei om noch mear út te finen.
Gjin stompe kop, mar lit it streame
by de linen lâns, de feart
deryn mei amper sok:
stap op it skip fan nije dreamen.
Dan kin men nei de foargrûn farre;
sa’t de ûnderfining leart,
hat krêft it measte lok,
sjedêr, it mei de kop net barre.
It hat te krijen mei ’t ferline
sa’t de mêst stekt yn de loft
fan skippen, silend noch
troch lju dy’t wynkrêft winsklik fine.
augustus 6, 2018
It is no ienkear it gefoel,
ien kear yn ’t jier in hiele wike
foar de ear, benammen foar de sfear,
Snits is de namme, ek it doel,
dêrfoar moat al it oare wike.
Mei dy gefoelens rûn ik om,
de tunnel troch, kaam by it wetter
fan de Houkesleat, noch sfearleas sûnder mear
de nacht fan bier mei breed it skom…
’t waard foar de dronken kop net letter.
De mêsten holden trou de wacht,
ferwachten net dat seilen hise
waarden yn de middei foar de ear,
soks gie fier boppe stjoerlju’s macht…
elk lei noch op syn eigen wize.