Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Bûgje foar it wûnder

Lyrysk Deiboek

It gûnze net mear om my hinne
as ik tusken griene greiden rûn,
dêr’t kleur noch fleur oan te belibjen wie,
it fee friet him de pânse rûn
en hoegde skitend net te stinnen.

It fee koe ’t gûnzjend folk wol misse,
swypke folle minder mei de sturt,
mar blom en fûgel wisten har gjin rie
en bleauwen nei in pear jier fuort,
de kij ha foar mear jarre pisse.

Ik rûn mar troch en hearde gûnzjen,
snúfde swietrook fan mear blommen op
as yn de greiden te belibjen wie,
ik hold by ’t wite wûnder stop
en fielde ’t hert ynienen bûnzjen.

Dêr siet ien op in blom te sûgjen,
lade huning yn, naam stomoal mei,
lykas syn warber folk foarhinne die,
ik skôge dêr mei ynmoed nei,
en moast wol foar dy iene bûgje.

admin

Oant sjen, farwol, wolkom

Lyrysk Deiboek

Oant sjen dan mar,
de dei is wer ferrûn,
dyn plicht hasto trou dien
mei ’t strieljen fan dyn antlit,
dêr’t gjin eachopslach oer koe,
it rint no tsjin de jûn.

Noch efkes mar,
dan rekkesto de kym
en is ’t mei ’t strieljen dien,
no ljochtet noch de wite
wol*, dat oer dyn antlit koe,
jim skine as op rym.

Der is gjin kar,
do lûkst dy no werom,
sa hast it altyd dien,
foar hjoed farwol, de blommen
bûge, witte no al hoe’t
it moarn wer komt… wolkom!

* it wolgers

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum