september 24, 2018
De brêge socht er faak as ûnderdak,
omdat er dêr beskûle lei,
gjin rein en heil koe him berikke,
mar Parys waard him te drok
en stjonkte… om te stikken.
Hy naam in slok en kaam op ’t lêst teplak
yn ’t hege noarden, dêr’t er lei
op wetter dat him stadich widze
yn de sliep en yn in flok
en sucht koe hy it risse…
… it frije libben sûnder kak
en alle lûden fan Parys:
clochard yn Fryslân, yntegrearre
troch de bearenburch, sa’n slok
wurdt op ’e mar wurdearre.
september 17, 2018
Mei beide earmen skean omheech
rôp hy omraak om sterke help
nei ’t stûkjen fan de tsjillen
yn de grûn, as maisfjild noch te leech,
it koe it swiere spul net tille.
’t Is hjoed de dei in spul fan neat:
technyk as trouwe boerehelp,
yn need ek goed te brûken,
gjin karwei is op it fjild te dreech,
it hynder hoecht net mear te lûken.
Mei mar twa tsjillen op ’e dyk
kin ‘Mooiwark’ wol de skeante oan
om breedút ôf te snijen
’t rûge spul; wat stean bliuwt, is gelyk,
egaler kin men it net krije.