oktober 8, 2018
Gjin skipper lit in oerke farre,
al by tsjuster stekt er fan de wâl
mei ’t rom fol fracht it noarden yn,
wa’t fart, kin barre.
Twa skippers kinne ’t hjoed net litte
gong te meitsjen op de Snitser mar
noch foar ’t de sinne folop skynt,
wa’t fart, wol mjitte…
… de tiid om oer de mar te kommen,
’t libben fan de skipper is in race,
dy’t him om elke finger wynt,
sels om de tomme…
… in tou om him foarút te lûken
troch de jierren, ek al giet it mâl:
mei ’t rom fol fracht de djipte yn,
dan hat it stûke.
Om tuskentroch wat te ûntspannen,
ki n de skipper glide bûten ’t far,
in solo-race dy’t him net bynt
oan beide hannen.
oktober 1, 2018
Hoe koe ik witte wat se seine,
sa tegearre op it stek,
ik hie net om my hinne sjoen,
waard gau al dat gewaar
wêr’t sy ek acht op sleine.
Ik seach ’t ynienen deastil sitten,
eagen ticht, dat wie ’t, ferrek,
dy swarten hiene ’t al lang sjoen,
dus rûn it grut gefaar,
noch sûnder it te witten.
Ik hearde yn de fierte gakjen,
sa’t in âlder roppe kin
as sy ien fan de berntsjes mist,
de swarten fleagen op
om daliks wer te sakjen…
… om’t ik it pykje wekker makke,
myn gewisse bleau dus skjin
troch ’t yngean tsjin de swarte list;
de âlder heinde ’t op,
hat fierder net mear gakke.