juni 11, 2018
It tsjuster strykt de foarmen fuort,
wat kin men dan der noch fan meitsje?
Oars net as in byld dat swart
foar eagen komt, dy’t noch net laitsje
sille, skilders komme kleur tekoart.
De moanne sakket nei de kym
en sil de foarmen daliks reitsje,
mar feroaret dan it byld?
’t Hielal kin foar de skilder pleitsje
dat er yn syn siele kleuren fielt.
Sjedêr… de ierde hat it troch
mei ’t skynsel fan in strjitlantearne,
heger as it moanneljocht;
de foarmen dy’t dertusken steane,
hat de skilder yn de nacht om socht.
’t Is net genôch, hy wachtet noch
nei ’t streekjen fan de kromme foarmen
op it folle sinneljocht.
juni 5, 2018
It Heidenskip jout oan de kleur
in tintsje nostalgy,
wjerspegeling fan it ferline,
doe’t de mêst fan ’t lege skip
de toer bekonkurearre…
wolkom, minsken, op ’e reuny.
Brek út ’e digitale sleur
en moetsje dy-en-dy,
it jonge folk út it ferline,
doe’t wjerspegele de feart
it turfskip, heech wurdearre…
waarm is ’t wolkom op ’e reuny.
Kom nei de muzikale fleur,
dy’t klinkt yn harmony
mei al it praat oer it ferline,
dat gjin mikrofoan hjoed keart,
de smartphone leit op stjerren
yn de rûnte fan de reuny.