juni 25, 2018
Under ’t rinnen hie ’k him heard,
in rop dy’t skriemend oerkaam,
mar sjen koe ik him net,
syn lûd skeat út it lange gers,
sels bleau er op it mêd…
fan fûgellûden by de les.
Jong hie hy it roppen leard,
want letter die ’t fertuten
as hollen op ’e dyk
de hichte sochten om te sjen
nei ’t lange gers, wat neat
te krijen hie mei wylpebern.
Stilsteand waard ik him gewaar,
de kromme snaffel iepen,
in needrop oan syn frou,
dy’t op tsien meter fan him stie,
ferstive troch ’t gefaar
dat ik foar ’t spantsje wylpen wie.
juni 18, 2018
Ik sjoch him noch troch ’t steechje rinnen,
âlde pake fan de achterdoar,
want in foardoar wie der net,
syn iene skonk waard wat te koart,
it lykwicht wie de oare foar,
sa hipte hy derhinne.
Hjoed seach ik wêr’t er earder wenne,
achterom, want sa koe ’k better sjen
hoe’t er troch it steechje rûn;
de wetterbak fertelde koart:
it âlde is foargoed ferlern,
hy koe der net oan wenne.
Ik sjoch noch hoe’t er noartsk skodholle
nei de tsjerke mei de houten toer,
want syn foarkar hie dy net;
syn hoanne kraaide grifformeard,
it frije wurd koe hy net oer,
hy woe wat djipper dolle.
Hjoed seach ik him dus fierder rinnen
nei de tsjerke mei wat leger dak,
want dêr fûn er fêste grûn;
de toer fersakke, wie ferkeard
fundearre, nêst syn hûs gjin plak
om hippend sneins dêrhinne.