juli 9, 2018
It wie net mear te hâlden,
op ’en doer bleau hy net stean
yn waar en wyn, lit stean in stoarm,
dy’t bearde troch de folle krún,
it wie ek al in âlde.
Hy hie in plak oan ’t wetter,
mei syn woartels hold er fêst
oan ’t âlde, djipte wie de noarm,
hy hold net fan in sljochte tún,
syn eigen plak wie better.
Hoewol’t de stoarm him brutsen
hie, woe hy noch lang net dea,
hold fol, allinnich foar de foarm,
hy kriich fan ’t waar in lêste trún,
de ein hat him rap lutsen.
Hy koe it net mear hysje,
frege om in iere dea,
wat seagjend honorearre waard;
in stamdiel stiet as monumint,
wa wit wurdt soks tradysje.
juli 2, 2018
Unnedich al dy buorden
op de iere sneintemoarn
as ’t deistich folk him nochris omdraait,
der komt gjin harsens oan.
Men hoecht ek net te tinken,
dreamen rize samar op
en draaie as op de rotonde,
gjin minske ropt fan stop.
De draaier krijt gjin winken
as de sinne strieljend riist,
begjint foarfêst oan syn rotonde…
ha buorden ’t paad wol wiisd?
Sjoch, dreamers ûnder fodden,
’t universum groetet read
en sil in ivichheid noch draaie,
jim ha in dream fan neat.