oktober 1, 2018
Hoe koe ik witte wat se seine,
sa tegearre op it stek,
ik hie net om my hinne sjoen,
waard gau al dat gewaar
wêr’t sy ek acht op sleine.
Ik seach ’t ynienen deastil sitten,
eagen ticht, dat wie ’t, ferrek,
dy swarten hiene ’t al lang sjoen,
dus rûn it grut gefaar,
noch sûnder it te witten.
Ik hearde yn de fierte gakjen,
sa’t in âlder roppe kin
as sy ien fan de berntsjes mist,
de swarten fleagen op
om daliks wer te sakjen…
… om’t ik it pykje wekker makke,
myn gewisse bleau dus skjin
troch ’t yngean tsjin de swarte list;
de âlder heinde ’t op,
hat fierder net mear gakke.
september 24, 2018
De brêge socht er faak as ûnderdak,
omdat er dêr beskûle lei,
gjin rein en heil koe him berikke,
mar Parys waard him te drok
en stjonkte… om te stikken.
Hy naam in slok en kaam op ’t lêst teplak
yn ’t hege noarden, dêr’t er lei
op wetter dat him stadich widze
yn de sliep en yn in flok
en sucht koe hy it risse…
… it frije libben sûnder kak
en alle lûden fan Parys:
clochard yn Fryslân, yntegrearre
troch de bearenburch, sa’n slok
wurdt op ’e mar wurdearre.