Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Skilders

Lyrysk Deiboek

Ier al sjit de sinne strielen,
wat alhiel ûnsichtber kin,
as skilder fan it swurk
en komt syn gleone holle boppe,
dan wachtet noch in deilang wurk.

Strieljend makket er de klimtoer
ljochter, moaier foar de bern,
te lyts noch op ’e grûn
foar ’t sicht oer âlde koppen hinne,
de skilder hat de hichte jûn.

Is de lange jûntiid kommen,
sit sawat de dei derop,
dan strykt de skilder ’t swurk
ljochtblau fan ûnderen nei boppen,
de grûn foar ’t masinale wurk.

admin

Klokkewet en sinneskyn

Lyrysk Deiboek

Jawis, dêr hast him wer
as hat er him yn tiid fersind,
beskamsum hâldt er him noch yn,
bliid dat er him ferskûlje kin,
ús haadljocht, grutter is gjin stjer.

De ierdbewenners, net
yn byld, de beide eagen ticht,
sy hâlde har keunstmjittich blyn
en misse it ferkleurjend sicht,
sy miene harren klok is wet.

Do grutte stjer, kom op
en kom der strieljend achterwei,
de ierdske klok is inkeld skyn,
do ropst de wolken ta: ‘De dei
brekt oan, wa’t sliept, dreamt oer in strop!’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum