december 3, 2018
Men moat it dochs wol witte
dat er thúsheart yn de einekoai,
wat goed te sjen is oan syn rinnen
sûnder lûd, it giet him om de proai.
Stil koed er net mear sitte,
dat hy draafde nei de Grienedyk
om deipassanten ta te blaffen:
‘Kom meikoarten nei it eineryk!’
Gjinien mei it ferjitte:
trije iuwen leit de koai yn ’t fjild,
salang ek moasten poaten rinne
sûnder lûd, se binne heger tild…
… as dy fan oare hûnen,
jakkerjend oer ’t lege Pottenstrân,
sadat de einen, mei troch ’t blaffen,
kwêkjend fleane oer it lân…
… om yn de koai te swimmen,
dêr’t gjin stap fan hûnepoaten klinkt,
mar dêr’t it hûntsje fan de foto
sûnder lûd de koaiker winkt.
november 19, 2018
It wurk leit achter harren,
mannen dy’t in wike lang
it kraanskip draaie litte,
ha it tsjin de reiden lein;
dit wykein leit it earste rang
mei ’t each op pseudo-skippers,
dy’t oars net ha as by de ein
in middei út te farren.
De stêd leit achter harren,
jongelju fan ’t ynternet
dy’t fan in netwurk witte,
ha har slach dit wykein slein;
it túch ha se der net by set,
dochs binne ’t skûtsjeskippers,
al is it mar foar sneon en snein,
se witte ek fan farren.