december 17, 2018
’t Rûn lichter as earjuster
mei it swarte asfalt ûnder skuon
dy’t elke dei itselde fiele,
dochs wie ’t fan ’e moarn roettsjuster.
De wei waard wiisd troch ljochten
dy’t wat hiene fan in loftballon,
mar wat de kâlde kop besiele,
wiene spoaren, hjoed strielrjochte.
De stappen lieten spoaren
achter, oars as fan in rubberbân,
sa kaam der in ferskaat oan stilen,
wat de eachopslach bekoare.
Mar dochs… ’t hie wachtsje moatten,
want it keunstwurk rûn wat út ’e hân,
mei kryst hie it de haadrol spile…
dêrmei hiene bern ek boarte.
december 10, 2018
Alle dagen rin ik by him lâns,
wylst skuldgefoelens pleagje:
hie ’k mar earder nei him rûn
mei amers wetter foar syn toarst…
om te oerlibjen noch dé kâns.
Wiken seach er nei myn kommen út,
sa giet no troch my hinne,
doe eage hy noch ridlik sûn,
’t wie net mei sin dat it sa gie,
perfoarst net neffens myn beslút.
Hjoed bring ik in ‘in memoriam’,
dat hat er wol fertsjinne;
myn tinzen binne oan him bûn
no’t hy foargoed de geast jûn hat,
it lei him wier net oan syn stam.
Mar sjedêr, gjin ‘in memoriam’,
’k hoech letter net te seagjen,
úteinlik hat it libben wûn.