Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Reuzefûgel

Lyrysk Deiboek

Under ’t fûgelfolk is hy in reus
mei brede wjukken, skerpe snaffel
op ’e weagen, yn de loft,
dêrûnder is er út op bút,
hy docht it sûnder tafel.

Reuzefûgel, klear foar rappe start,
komt yn beweging op de Potten,
skyend foar syn eigen nocht
of demonstrearjend foar it folk:
mei my falt net te spotten.

Dûkt er al ris, inkeld foar de grap,
dan komt er rap wer boppe wetter,
brûkt de tafel foar in skoft,
stekt beide wiete wjukken út…
as ielgoes giet it better.

admin

Moadeshow op it dak

Lyrysk Deiboek

It âlde kleuret nei de stammen
yn de tiid fan hûndert jier
by soele wyn en westerstoarm,
kultuer giet meastal foar de sier:
de moadeshow fan kreaze fammen.

De manlju steane op ’e hichte,
binne dat ek fan de tiid,
dy’t freget om in oare foarm,
kommersje giet dan yn de striid,
sa wurdt it dak as nij wer tichte.

Se wiene wiken akrobaten,
’t folk hold faak de siken yn,
de sikewein joech gjin alarm,
se bleauwen stean yn rein en wyn,
dy moadeshow is lang oer praten.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum