juni 3, 2019
’t Rûn fan ’e moarn tsjin achten;
by de brêge oer de âlde feart
begûn de nacht te brekken,
oer de kym kroep earst it read…
ik ha net langer wachte.
’k Rûn troch, woe fierder komme
mei myn tinzen oer in nije tocht,
dy’t mei in klap trochbrekke
koe wêr’t men net mear oan tocht:
it moat der dochs fan komme…
Hy koe der wol op rinne,
yn de midden fan de Houkesleat;
en soe it iis dêr brekke,
foar de miuw rûn ’t net ferkeard…
op wjukken koed er winne.
mei 27, 2019
Blau-wyt wie er ynpakt,
it swarte bistke yn de tas,
it ljocht koe krekt net by him komme,
lykas wist it: ’t jout gjin pas,
it tsjuster hat it foartou nommen.
Donker wie syn takomst,
mar net fanwege ’t swarte skiep,
syn poaten koene him net drage,
lizzend foel er dan yn sliep,
syn nacht wie langer as tsien dagen.
Oantaast yn de harsens
gie ’t lamke mei de frou op reis,
de earste, ek de alderlêste;
yn it blau-wyt ûnderweis
wie foar dy beide dochs it bêste.