juni 17, 2019
Lêste deadewinsk
Ferlern leit er derhinne,
wylst it sulver ljochtet op
foar miuwen dy’t al fleane
mei in dûkflecht yn de kop
nei twa reade stiennen.
Ferlern wie hy al langer
oan de hoek, proai foar in snoek,
dy hat syn sturt te pakken
nommen, fielde doe de hoek…
op ’e kaai gjin fanger.
Ien each lit hy noch stoarje
as ferwyt yn deade steat:
‘Jim lizze ek derhinne,
sinkend yn de Houkesleat,
dêr’t wy jimme narje.’
juni 10, 2019
De glêzen heine it lemieren,
it ljochtsjen fan in nije dei,
dêrachter hearsket noch de sliep…
’t is snein.
Dêrfoar ferriist heech de Martini,
dy’t wachtet op de nije dei,
wannear’t de hoeder ropt syn skiep…
de ein.
Dêrtusken rêste tûzen deaden
op ’t âlde tsjerkhôf dat dêr leit,
noch altyd yn in djippe sliep…
foarsein…
… is har it rizen út ’e deaden
by ’t ljochtsjen fan de nije dei,
wannear’t de hoeder ropt syn skiep…
’t begjin.
Jûn riist noch ljochtsjend it teater
lykas ’t lemieren al foarsei,
de strielen spylje ’t heech en liep…
mei sin.