augustus 6, 2019
Ut ’e aktualiteit fan 2019
Wâldsein wie útrûn op ien ein,
de polderdyk by de Yndyk,
dêr soe de striid begjinne
mei krêft trije, waard foarsein,
de fiif soe ’t sels fan fjouwer winne.
Start ien wie net in goed begjin,
de twadde krige wol gelyk,
de skûtsjes koene sile,
oan de wyn rûn ’t nei it sin:
oer bakboard yn in flugge file.
It wâlfolk kaam optein oerein
foar ’t spul tichtby de polderdyk,
dêr’t hege baren rûnen,
’t wetter spielde oars as rein,
mar sloech yn de Yndyk gjin wûnen.
Wâldsein rûn net en sakke ôf,
mei ’t Hearrenfean wie’t gjin ferlyk,
dat soe úteinlik winne,
wylst De Lemmer en Doarp Grou
de striid beskôgen as in minne.
augustus 4, 2019
It paad rûn oer de bûlevaar
op sneintemoarn , de twadde dei
fan Snits syn heechtiidswike;
boaten leine board oan board
te wachtsjen op har waar.
It wie noch stil yn wyt-read-blau,
wat alles fan de nachtdronk sei,
it feest woe mar net wike
foar it ronkjen ûnder seil,
dat heinde al de dau.
De pankoekspanne heinde ’t aai,
dat op it fjoer te bakken lei,
want nei de drank, die bliken,
seagen se yn ’t nachtmiel heil…
moarn is der wer in dei.
Hjoed sille se it wetter op,
it read-wyt-blau nimt harren mei
nei hieltyd nije piken,
flessen geane mei oan board,
sa ha se ’t yn de kop.