mei 13, 2019
Ut ’e mist fan it ferline
komt de ‘Vlotburg’ foar it ljocht,
in boarch boud op in stielen flot,
dat fart lân út lân yn,
’t lit yn de dize hjoed ferdwine.
Middenyn de rin fan iuwen
hat it ridderfolk al socht
nei libben tusken dier en God,
it ried lân út lân yn
en liet him op gefoelens driuwe.
Yn it striidperk fan it libben
boude hy oan ’t ideaal
fan ridder wêze op in flot;
tsjin spot en muoite yn
brocht hy yn byld syn tiidsferhaal.
Op it dak foar de kantelen
rôp er om syn trouwe maat,
de pony tusken him en God;
syn hân gie út en yn,
lykas ’t gefoel, elk nei syn aard.
mei 6, 2019
Wêr’t de fijân earder klearstie
om it bolwurk oan te fallen,
syn slachoarder stie op kommen,
Snits wist him gjin rie,
dêr bloeie hjoed de blommen.
Wêr’t de boer syn preamke klearlei
om dêryn it hea te laden,
dêrnei efkes te bekommen
foar’t er socht syn wei,
dêr bloeie hjoed de blommen.
Wêr’t de rider hastich trochried,
streekrjocht op ’e Westersingel
om yn Ljouwert oan te kommen
nei in swiere striid,
dêr bloeie hjoed de blommen.