juni 24, 2019
Fan fierren is er kommen,
oanflein wêr’t leech wetter wie,
it favorite itensplak,
mar earst woe hy bekomme.
Syn snaffel, fier nei foaren,
woech der op ’e flecht flink yn,
kriich reizgjend amper syn gerak,
koe yn de loft net score.
Doe’t hy de kop wer tille
koe, rjocht op ’e poaten stie,
wie ’t wetter yn syn eagen flak
genôch foar fangst en wille.
’t Gie op en del en hinne
wer, de snaffel leppele
mar troch, it gie op syn gemak,
sa’t leppelbekken kinne.
juni 17, 2019
Lêste deadewinsk
Ferlern leit er derhinne,
wylst it sulver ljochtet op
foar miuwen dy’t al fleane
mei in dûkflecht yn de kop
nei twa reade stiennen.
Ferlern wie hy al langer
oan de hoek, proai foar in snoek,
dy hat syn sturt te pakken
nommen, fielde doe de hoek…
op ’e kaai gjin fanger.
Ien each lit hy noch stoarje
as ferwyt yn deade steat:
‘Jim lizze ek derhinne,
sinkend yn de Houkesleat,
dêr’t wy jimme narje.’