juli 8, 2019
’t Kaam fleanend oer, as in ynvaazje,
dûkend doe, op jacht nei fisk en iel,
massaal gie ’t op en del
mei swarte wjukken duvelsk rap,
it hie wat fan in hel.
In yllustraasje foar it minskdom
dat it fleanend nei de djipte giet
yn in klimaat mei iis
dat teit, út gletsjers wer in hap,
de wrâld is fan de wiis?
Sjedêr… de fûgel sûnder faasje
sit al tiden briedend op it nêst,
te lang foar libben kroas,
syn swarte wjukken wurde slop,
it is foar har net oars.
juli 1, 2019
Gjin weet noch fan klimaatferoaring,
fan de omslach by de raaigersboer,
dy’t ferballe hie ’t ferskaat oan blommen
om’t iensidich fretten better wie,
hy liet him net omkomme.
Hy kaam oer ‘t leechlân yn bekoaring,
dêr’t it peil stie op in heech nivo,
dat it tilde op fan gers mei blommen,
wat foar him it alderheechste wie
om ta syn rjocht te kommen.
Dêr wist hy him te profilearjen
as bewekker fan ’t natuergebiet
mei it read om fierder net te kommen
as de grins, dêr’t hy syn stânplak hie
om oer it gea te rommen.