Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Bewege

Lyrysk Deiboek

Geduerich yn beweging
binne guozzen yn de loft
of op it wetter, oeral thús,
sy ha har domisily fûn,
net skou mear of ferlegen:
‘Wy binne mei in hiele kloft.’

Sy lizze lang te wachtsjen,
hoege net om lading út,
sy ha har domisily fûn
by ’t eilân yn de Snitser mar,
mêstheech is har ferwachting:
‘Wy sjogge nei beweging út.’

Sneon wurde tugen hise
om te heinen romme wyn
en komt de gong deryn foar  priis
en preemje, foar foaral de ear,
sels wa’t de slach ferlieze,
gean moandei like fûl deryn.

admin

Foar gek

Lyrysk Deiboek

Noch jong en sûnder ûnderfining
stiet er op it houten stek, sjocht út
nei wat der fan syn gading is
op ’t koarte gers of justjes heger:
in twa- of fjouwerpoat as bút.

Ferlern hat hy de hechte bining
mei de âlden yn it waarme nêst,
fan fretten wie er dêr wol wis,
hy moat him hjoed de dei sels rêde,
it stek jout him net folle rêst.

Hy hat se sjoen:  it selskip swellen
op ’e stange fan it twadde stek,
it is no ienkear sa’t it is,
sy ha elkoar, hy is allinne,
stiet sûnder bút ferlern… foar gek.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum