september 30, 2019
Sjoch hoe’t se nei de hichte stribje,
de pearse bloei rikt nei it blau
fan de ûneinichheid,
dêrtusken plomkes reid,
’t komt oan op lang te libjen.
De stikel kin de delgong keare,
gjinien komt dan de blom tenei,
wat jout him wissichheid;
as ’t oan de stikel leit,
kin neat de fuortgong keare.
De blom barst út yn hûndert siedden,
de fuortgong nei opnij yn bloei,
’t giet troch… in ivichheid;
wannear’t mar justjes waait,
sjocht men it sie oan triedden.
september 23, 2019
Syn paad kroep hy allinne
as trage stikelrûp,
der wie gjin tinken by
doe’t hy oer skulpen hinne glied,
it brutsen hûs fan slakken,
foar ’t gefoel gie dat gewoan:
‘Ik libje want ik krûp.’
Sy ha elkoar traach moete
op it krúspunt fan it reid,
der wie gjin tinken by
doe’t ien de oar tsjin ’t glêde glied,
sa dogge dat de slakken,
foar ’t gefoel gie dat gewoan:
‘Wy libje sa’t it leit.’