Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Hjerstberging

Lyrysk Deiboek

It kaam net út ’e boezem wei,
dan hie de dyk it keare kind,
mar ’t eaze út ’e hichte,
dagenlang itselde liet,
it rûze nei de lichte.

Dêr bleau it stean, dei út dei yn,
dochs kroep it nei in heger peil;
gjin glimke fan de sinne
dy’t it wetter sakje liet…
’t kin yn de hjerst raar rinne.

De optimisten rinne net,
stean blau te klomjen boppe ’t reid,
in healjier op it drûge,
alle jierren ’t âlde liet:
normaal om net te hoegen.

admin

Sulverkeninginne

Lyrysk Deiboek

De keninginne stiet yn ’t wetter,
spegel foar har slank figuer,
mei sulverglâns behongen
om foar status troch te gean,
it leit oan har natuer.

De kombinaasje kin net better:
spegel, tagelyk it bad,
foar ’t ljocht al út ’e fearren;
ûnbeweechlik bliuwt se stean
nei’t sy toilette hat.

Sa stiet sy tusken de lakeien,
blaugriis yn it kreaze pak,
sy wachtsje op har winken
om foar har op jacht te gean,
sa krijt se har gerak…

… de mûzen meie har net lije.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum