augustus 9, 2019
Ut ’e aktualiteit fan 2019
Op ’e Snitser mar soe ’t heve:
Grou, De Lemmer of It Hearrenfean,
ien fan dy trije kriich de wimpel,
de spanning wie om fan te beven.
Op ’e wetterbuffel foeren
finten mei de fammen op it dek
fan harren stoere sûperstimpel…
ûntspannen ûnder ’t ouwehoeren.
Skippers hiene dêr gjin eagen
foar, de trijestriid wie like gek:
it Grouster skûtsje yn de hâldgreep,
mar ’t waard net út ’e wedstriid reage.
’t Is net ta in einstriid kommen,
want De Lemmer en It Hearrenfean
ferlearen ’t útsicht op ’e wimpel,
dat Grou sloech folút op ’e tromme.
augustus 8, 2019
Ut ’e aktualiteit fan 2019
De streken komme byinoar:
de kym, it grien, de Lemster daam,
de wolken driuwe dêr oerhinne,
wylst de wyn syn fearren sakje lit
nei tugen dy’t de twirren brûke kinne.
De skûtsjes koene útinoar,
want nei de poarte wie de kar
nei links of rjochts, der sa trochhinne
dat it skip gjin meter lizze liet,
it aventoer om fan de oar te winnen.
Lavearje, dêrnei foar de wyn,
it gie geduerich op en del,
in jojo om op ’t lêst te winnen,
sa’t Doarp Grou die, want dat skûtsje liet
gjin konkurrinten oer him hinne rinne.
De skûtsjes wurde suver wei
yn ’t wide fan de Iselmar;
de wei troch ’t sulver fan de sinne
liket lang, gjin boei of poarte lit
him sjen, de skipper lykwols wit wêrhinne.