november 25, 2019
Hy lit him net op sleeptou nimme
troch wat âld is of modern,
syn trije tsjillen ha him brocht
op ’t plak om feilich oan te lizzen,
dêr’t er niis om socht.
Gjin trochfeart hoecht er frij te hâlden,
elkenien kin by him lâns,
hy makket him al lang net breed,
mar hjoed hat hy it foar it sizzen,
hâldt twa angels beet.
Hy lit gjin foarn of snoekbears swimme,
hâldt de trochfeart oeren ticht,
ûntkomt as baas oan elk ferbod,
kin sels de swierste lêsten risse,
fange is’t gebod.
november 21, 2019
Op in pylder stie sy út te sjen
oer grêft en boatsjes hinne,
draaiend op har linkerfoet
mei ’t each op ’t rizen fan de sinne.
Fan de hichtedûns wie sy in fan,
foar lykwicht yn it libben
hold sy altyd foet by stik
mei grutte kâns op stive ribben.
Party wenten stiene oan de grêft
en leine yn de spegel
fan it wetter; ’t wie har goed,
want dûbelop wie faak de regel.
Yn de hichte lei har eigen krêft,
sy koe it net begripe
dat in boat keas foar de kick
nei ûnderen, ’t wie net har type.