september 9, 2019
In stipke achter op it wetter
tusken beide wolken yn,
dy fan de himel en de poel,
wjerspegeling fan boppen…
wat hat dy stip foar doel?
Hy is gehiel opnommen,
libbet tusken fisk en wyn
op grize wjukken en ’t gefoel,
wjerspegeling fan boppen…
in ingel op ’e poel?
Sjedêr de hearsker oer it wetter,
heech op poaten, wat is syn
ferhaal oer wat er sa al kin?
Wjerspegeling fan boppen:
‘Sjoch hoe’t ik dûbel bin!’
september 2, 2019
Wylst it ljocht streamt oer it wetter,
bûcht de toer de skerpe punt
út earbied foar ’t harmoanysk byld
as skepping fan de sinne,
in byld fan ’t iene yn it oare,
dy feroaring is de minske gund.
Skept it minskdom folle better
as it ljocht, wjerspegeling
op wolk en wiet, harmoanysk byld
dat leit der samar hinne
as om de minske te bekoaren,
wylst de toer is stielhurd mar in ding.
Dochs bekoare ek de foarmen
fan it stiel it minsklik each,
harmoanysk oer it flak ferdield.