oktober 21, 2019
Nei elke stap in stoel
om efkes út te rêsten
nei’t de heksen dûnse ha
mei podden dy’t de fuotstap folgen.
De podden wiene om
yn tsjettels út te koaitsjen:
mei it sop op tsjoenen ta,
wa’t dronk, waard troch it sop ferswolge.
Sa waarden podden mei
de drinkers ta in ienheid,
dy’t ta libben kaam op grûn
fan wat de heksen hawwe woene.
In rûnte byinoar,
wat lytser en behearskber,
dat it feest in plakje fûn
dêr’t heksen om de podden rûnen.
oktober 14, 2019
It kaam net út ’e boezem wei,
dan hie de dyk it keare kind,
mar ’t eaze út ’e hichte,
dagenlang itselde liet,
it rûze nei de lichte.
Dêr bleau it stean, dei út dei yn,
dochs kroep it nei in heger peil;
gjin glimke fan de sinne
dy’t it wetter sakje liet…
’t kin yn de hjerst raar rinne.
De optimisten rinne net,
stean blau te klomjen boppe ’t reid,
in healjier op it drûge,
alle jierren ’t âlde liet:
normaal om net te hoegen.