november 4, 2019
De hichte lit de moarntiid sjen
mei ljocht dat walewolken brekt
en útrint oer de wetterspegel,
dy’t noch net brekt troch ’t spul
fan wyn en weach of troch de regel
fan farre op ’e krekte tiid.
Sjedêr, der giet gjin tiid ferlern,
want mei de djoere oalje stekt
it nau en dus ek mei benzine,
dus fart de tanker troch
de spegel, lit it ljocht ferdwine,
dan wit men fan de krekte tiid.
oktober 28, 2019
Kom mar op, wat soesto no?
Wy ha it sitten yn de kop,
in sûn en helder brein,
ús namme is ek ko.
Hasto op ús kleur wat tsjin,
wy stekke heger noch it krop
as tinkers yn swart-wyt,
myn brein tinkt, dus ik bin…
… sa’t ik bin, gewoan in ko
fan bûten, mei in inerlik
dat strielet inkeld wyt…
mar buorfrou, wat hast no?
Soademiterje mar op,
net kom mar op, hy hat hjir neat
te sykjen, watsto sein
hast, komt net yn syn kop.
Wat ik tink, dat moat derút,
oft hy it opnimt, wit ik net,
primêr is wat ik tink,
dus hâld ik no de snút.