januari 27, 2020
Fan fierren klonken klappen,
’t moast wol komme fan beton,
men koe it plak wol witte,
nei de opbou kaam de brek
fan dat ferneamd stasjon.
It wie fan trije bruorren
mei de oalje yn it bloed,
sy koene ’t peil wol mjitte,
hiene nea in oaljelek,
dat har bedriuw rûn goed.
Fan ’t âlde kaam it nije;
wat klonk fier fan dat stasjon,
wie ’t âlde liet, de namme,
doe kaam mei de dea in brek,
wat hurd wie… as beton.
januari 20, 2020
It iere ljocht skoot oer it grien,
klimt by de beammen op
en set de loft yn ’t skiere blau,
’t hat no syn bêst al dien.
Mar better wurdt it as de tiid
skoot fierder troch de moarn,
dan klimt de sinne nei it blau
dat djipper is fan toan.
Dan sjocht men dat de boer syn mais
fan ’t jier heech klommen is,
gjin greide hat it better dien,
de priis rint op nei seis.
Sân is it maksimale tal
foar boer en boarger… top!
mar ha sy foar ’t klimaat ynstien?
’t Stof stiket har yn ’t krop.