Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Ta frijheid roppen

Lyrysk Deiboek

Men is ta frijheid roppen,
al fan de earste sike ôf,
it giet deryn en -út,
net ien komt yn it nau
op wei nei boppen.

Tal traaljes litte witte
dat macht sprekt faak in oare taal,
dy fan in fêst beslút,
de ein fan it ferhaal
fan dwaan en litten.

Derút en daliks klimme,
de muorre biedt foarearst hâldfêst,
de geast kiest koers nei súd,
fier fan ’t fertroude nêst…
de frijheid nimme.

admin

Eigen baas

Lyrysk Deiboek

Hy lit him net op sleeptou nimme
troch wat âld is of modern,
syn trije tsjillen ha him brocht
op ’t plak om feilich oan te lizzen,
dêr’t er niis om socht.

Gjin  trochfeart hoecht er frij te hâlden,
elkenien kin by him lâns,
hy makket him al lang net breed,
mar hjoed hat hy it foar it sizzen,
hâldt twa angels beet.

Hy lit gjin foarn of snoekbears swimme,
hâldt de trochfeart oeren ticht,
ûntkomt as baas oan elk ferbod,
kin sels de swierste lêsten risse,
fange is’t  gebod.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum