februari 24, 2020
Ut foarsoarch is der stikeltrie
en skerpe punten op it stek
fertelle fan ‘der net oerhinne’,
mar ’t mystearje lûkt no krekt
om ynformaasje yn te winnen.
De Snitser moslims wisten rie,
sy ha al faak nei Mekka west
mei as bestimming de Kaäba;
wat yn east wie, moast yn west
ek kinne, al hjit God hjir Abba.
De moslims kamen ta de die
en bouden de Kaäba yn
it wyt, hiel oars as Mekka’s swarte
fjouwerkant… sjedêr Snits syn
Kaäba nêst de wetterpoarte.
februari 17, 2020
It moast der wol fan komme,
sa giet it troch, want troch de tiid
nimt ôf de hoop op blêdbreed grien
en glimmend brún, de tiid hat nommen.
De blêden falle gatten
yn, ’t is al wer it âlde liet
fan wat earst opkomt, dan is ’t dien,
dat troch de tiid sil ’t wol sa moatte.
Ferheard sjocht op de minske
as stof de woartels stikke lit,
hy hat de tiidgeast net ferstien,
mar tocht allinnich oan syn winsken.
Dan leit it sa derhinne,
it skûtsje dat net better wit
as dat de tiid is fierder gien,
sa sil it nea in priis wer winne.