december 24, 2019
Nee, hy is gjin hoedersjonge
dy’t syn stêf delsetten hat,
omdat de skiep har deljûn ha;
hy wie wol wurch fan ’t rinnen,
joech him ek del, no sa…
Nee, hy hearde net it sjongen
fan de ingels boppe ’t fjild,
dy’t jubelen yn gloaria;
wurch fan de felle sinne,
joech hy him del, no sa…
Nee, hy kaam net yn de timpel
yn de earms fan Simeon
of Anna, al âld dy twa;
hy wie altyd allinne,
dêr kaam ’t op del, no sa…
Ja, hy kin by ljocht wol sliepe,
dreamt dan fan in ljochte nacht
troch ingels yn de gloaria
en hoeders dy’t fluch rinne
nei it bern yn tel, no sa…
december 23, 2019
As de nacht op strjitte falt,
dan hearsket dêr de leechte
nei’t it folk foar ezel spile
hat, beladen mei ’t gefoel
fan wat op ’t feest befalle sil.
Rûnom strielet noch it ljocht,
dat hearsket oer de leechte
om de keapsnein nei te fielen,
want de klok-rûn hat as doel
dat elkenien ’t belibje sil.
Joazef oan de linkerkant,
klaaid nei de lêste moade,
hat gjin nocht om mei te dielen
dat it bern net berne is,
wat har grif min befalle sil.
Rjochts stiet wol Marije klear,
ek nei de lêste moade
klaaid, sy hat har rol al spile
foar de ezels dy’t wer ris
it feest belibje sa’t it sil.