april 20, 2020
De boegen ha it holden,
’t kreake wol sa no en dan;
om’t jier nei jier begûn te sprekken,
waard er njonkelytsen in âldman.
Hy folge net de moade,
bleau it leafste autentyk,
wat koe him minder gong ferrekke,
alle skippen wiene net gelyk.
Wat moast er mei in koade,
’t gie him om in goede feart,
de weagen ûnderweis te brekken,
oan syn registraasje hie er neat.
Wol sprekt him oan in oade
út respekt foar wa’t er is:
âldman, dy’t soms begjint te lekken,
wat net moat, it makket him ûnwis.
Krekt dêrom leit er foar de
helling, ’t giet om syn prostaat,
grif is er nei in operaasje
wer de âlde, dêrby hat er baat.
april 12, 2020
Op goede freed hie ’t minne west:
de hammer dy’t de spiker sloech
troch hân en foet yn ’t hout,
it wie ’t gefoel, net te begripen
hoe’t de geast it droech.
Op stille sneon sloech ta de rêst,
it hurde klopjen yn de kiel,
hoe’t men dan djipgeand rout,
gjin hân of foet om fêst te gripen,
slein is dan de siel.
De snein bleau as de sneon sa stil,
behalve ’t koeren fan de do,
dy’t wachte op it hout,
sa no en dan nei ’t slachfjild kipe…
wannear komt it no?