mei 6, 2020
De swarte flaggen joegen oan,
it is hjir jûns en nachts te rêden
mei nocht op ’t seksuele mêd,
dus hearen, wachtsje net oant moarn,
om beurten op it willebêd.
Robina makket har al op
en stiet foar dyn ferlet wiid iepen,
in op ’e twirren draaiend blêd;
se siedt dy gear yn ’t eigen sop,
by har wurdst troch dyn mieltsje sêd.
De swarte flaggen hingje slop
healstôk, te witen oan Korona,
Robina’s frjemde konkurrint;
dy dame slacht foar master op,
ferslacht sa ek de stoerste fint.
april 27, 2020
Allinnich giet er troch ’t bestean,
omdat er sin oan fisken hat
dy’t dreech te dielen binne,
solo stiet er skerp te sjen…
de fraach is: komt er ek tekoart?
It antwurd leit net foar de hân,
want op twa poaten kin er stean
om ’t lykwicht te bewarjen,
wjukjend lit er him ek sjen,
sosjaal… dan fljocht er justjes skean.
Sjedêr, de measten steane skean,
mar stean lykwols foar him model
as mienskip, ek op wjukken
yn formaasje, ’t is te sjen
dat dowen hâlde ’t stel yn tel.