Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Aldizer

Lyrysk Deiboek

Dêr leit er achter oare boaten,
dy’t foar ’t each noch farre kinne
mei de wenskipskipper oan it roer;
hy nimt wat foaroan leit,
lykas hy wend is, yn de mûle:
‘Dy boat giet nei de kloaten!’

Gjin wintersliep, hy leit te sliepen
sûnt de skipper him derhinne
lei, wylst hy de útspraak die: ‘’t Is oer,
do hast dyn oeren draaid,
no net mear oer ’t ferline lulle,
brek my de bek net iepen!’

Dus sa… it moat dochs net healwizer
nei syn plicht, faak mei de sinne
oan de loft, hoewol’t er ek wol foer
yn waar en wyn, in feit
is dat syn baas hat in bedoeling:
op koers nei it âldizer.

admin

Rûne ierde

Lyrysk Deiboek

Al iuwen wit de wittenskip:
de ierde is net plat, mar rûn
en draait syn baantsjes om de sinne;
yn ’t hielal is ’t rûntsje mar in stip,
dy kennis kin men net omhinne.

Al earder hie de wittenskip
it witte kind: rin nei de mar,
want sjoch, de kym rint yn in bôge;
op bekend gebiet krijt men dan grip
op hoe’t it sit, men hat sels skôge.

Dochs rin net fierder as it kin,
al nûget ek it blauwe boerd
fan heit en soan, de generaasje
dy’t noch fierder sjocht, it hat gjin sin
dat wetter wurdt ta in frustraasje. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum