Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Harmoanyske nostalgy

Lyrysk Deiboek


In wolkbrek hat krekt west
en no lit blau him sjen,
al is it foar in oere,
want de fierte kleuret griis…
de winter waard in lange hjerst.

It briek fan ’t jier net troch
de kleuren fan de hjerst
en letter troch de tûken,
dat it wetter waard gjin iis…
it lange langstme wie omdoch.

Dochs is der harmony
mei fjouwer kear in kleur,
it byld fan de seizoenen
bringt gjinien mear fan de wiis…
wat west hat, is no nostalgy.

admin

Snitser Kaäba

Lyrysk Deiboek

Ut foarsoarch is der stikeltrie
en skerpe punten op it stek
fertelle fan ‘der net oerhinne’,
mar ’t mystearje lûkt no krekt
om ynformaasje yn te winnen.

De Snitser moslims wisten rie,
sy ha al faak nei Mekka west
mei as bestimming de Kaäba;
wat yn east wie, moast yn west
ek kinne, al hjit God hjir Abba.

De moslims kamen ta de die
en bouden de Kaäba yn
it wyt, hiel oars as Mekka’s swarte
fjouwerkant… sjedêr Snits syn
Kaäba nêst de wetterpoarte.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum