Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Tiidsferrin

Lyrysk Deiboek

It hat syn tiid net hân,
al is ien laad derút,
it hat in stânplak krigen
tusken ’t grien, der efkes út.

It freget om in hân
dy’t skriuwt oer it ferrin
fan tiid, in hiele rige
dagen, wat dan bliuwt, hat sin.

Sjedêr, it hold al stân,
der kaam sels by in fyts,
de skriuwer sil net lige
oer wa grut is en wa lyts.

Wa’t lyts is, hat tabak
fan wat yn ’t pûdsje siet,
hy lit him net bedrige
troch wat faak yn reek opgiet.

Wannear it ûnderdak
is, wit de grutte net,
it tiidsferrin sil ’t leare,
grutten ha har eigen wet.

admin

Swarte presidint

Lyrysk Deiboek


Hy neamt himsels de presidint
en mient hy kin de hiele wrâld oersjen
fan hjir nei dêr en wer werom,
wol ha dat elkenien him ken.

Hy neamt himsels yntelligint
en mient fan him is elkenien in fan,
de oar is yn syn eagen dom,
hy is it dy’t de stimmen wint.

Syn eigen stim is wol bekend:
in krassend lûd dat gjin betsjutting ken,
fan hjir nei dêr en wer werom,
hy fynt dat hy him nea fersint.

Hy sjocht de beam as monumint,
op deade tûken lit er him ’t leafst sjen,
as ’t útkomt, neamt er him blank from,
de fraach is… wurdt sa’nien demint?

Hy neamt himsels in blanke fint,
mar wjukket mei in swarte geast, ferlern
is ’t folk dat wjukket like krom
en folget sa de presidint.

 


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum