Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Misbrûkte goadenamme

Lyrysk Deiboek

Poseidon is syn namme,
god fan it hynder en de see,
dêr’t hy geregeld opdûkt
om it skipsfolk acht te slaan,
hy is ta bystean ree.

Hy hat neat mei rivieren,
kanalen binne him te smel,
it is de see dy’t oan him
lûkt, de hynders sil er jaan
de spoaren mei de yell:

‘Hop, hop, myn dryste dieren,
seehynders ha de gong deryn,
elk swyn is ien tefolle,
lit dat bist mar yn de waan
dat ús bestean is skyn.

Wat seit myn goadenamme,
skreaun op in skip foar it kanaal?
Neat oars as skyn en misbrûk,
op ’e see ha ik de baan
te skinken kleare taal.’

admin

Dûbele wetterpoarte

Lyrysk Deiboek

Al iuwen stiet er as in hûs
sa fêst mei syn twa tuorren,
teken fan stânfêstichheid;
de fijân komt net fierder
as de Kolk, mar ’t is de werklikheid
dat net in kûgel trof syn muorren.

Sa gie de striid oan him foarby
en hie er it net swierder
as it sintrum fan de stêd.

Al jierren hinget er yn ’t seil,
de lytse wetterpoarte,
teken fan in flugge feart;
wa’t striidber is, komt fierder
as de siler fan ‘it wurdt hjoed neat,
mar om it meidwaan sil ’t wol moatte’.

De poarten bliuwe wol bestean,
stânfêstich of fleksibel,
beide teken fan de stêd.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum