Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Gjin kop

Lyrysk Deiboek

Wannear’t gjin tûke draacht in blêd,
de dei úteinset mei in grauwe loft,
de wyn krûpt by de fearren yn,
dan hâldt de moarntiid efkes skoft
foar wa’t noch dreamt op bêd.

Wa wit de dreamen fan in swan,
dy’t him by ’t earste deiljocht driuwe lit
en oerjout oan de sterke wyn,
dy’t winters fan gjin wiken wit,
dêr wit de swan ek fan.

De wyn stekt him syn dreamen yn
fan simmerdeis by himelsblauwe loft
al ier de brede wjukken út
en fleane om dêrnei in skoft
gjin kop te sjen…  ‘t is skyn.

admin

Stam

Lyrysk Deiboek

Net ien wurdt samar setten
op ’e ierde sûnder achtergrûn,
elk stammet fan in rige ôf,
de âlde stam wurdt net fergetten.

De âlde stam fan jierren
lang mei rjochte rêch en altyd sûn,
hie op ’en doer syn simmers hân,
de winter hat him iepenbiere
mei tûken sûnder blêden
yn de maitiid; doe’t de tiid ferrûn,
ferlear de stam syn krêft en bast,
it libben wie net mear te rêden.

De stam wurdt net fergetten,
stiet as teken op ’e achtergrûn:
‘Elk stammet fan in rige ôf,
dy’t trochrint, mar myn tiid is sletten.’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum