Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Wiisheid oan de muorre

Lyrysk Deiboek

De wiisheid, beitele yn stien,
sprekt iepen sielen oan
mei wurden dy’t djip reitsje
om sa steviger te stean.

No sit er, mar earst hat er stien,
noch wankel yn de moarn,
want soe er it wol meitsje
om mei wiisheid foar te gean?

Hy slacht net op foar Socrates,
de master op it plein
dy’t freegjend wiisheid learde
oant er dronk it dwaze gif.

De dei troch jout er trou syn les,
dêrmei is it net sein,
want doe’t de tiid rap kearde,
rekke earst syn stânplak wif.

Sjedêr, de wiisheid hongen oan
de muorre, jout no sicht
op hoe’t de wrâld leit oan de
fuotten fan wa’t iepen stiet.

admin

Ynpakt

Lyrysk Deiboek

De waaier stekt der boppe-út
om út te finen wat de wyn krekt wol,
de rjochting, ek hoe hurd it waait,
mar net wat bart op ’t politike mêd:
diskusje earst, dan it beslút.

Wannear’t gehiel wyt ynpakt wurdt,
dan kriget men in posityf berjocht:
jou jim mar del, de wyn is draaid,
’t kolleezje wol it bêste foar de stêd,
wat west hat, hie in lange sturt.

De waaier wiist súdwester stoarm,|
dy’t skuort en raamt oan ’t kamûflaazjekleed,
sadat wat grau is, iepemleit,
’t kolleezje, dat it net allinnich rêdt,
is transparant en slacht alarm.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum